Statuten


De ambysje fan de stifting Slach by Warns.

De Stifting Slach by Warns is oprjochte op 25 augustus 1951.
Neffens it karbrief hat de stifting as doel:
a. oprjochtsjen en ûnderhâlden fan in monumint ta betinken fan de Slach by Warns;
b. it organisearjen fan in jierlikse Warnsbetinking yn oerlis mei Fryske Bewegingsselskippen.

De stifting konkretisearret dy formele doelstelling troch de Fryske mienskip
1. in gelegenheid te bieden foar it belibjen fan identiteit en mienskipsfoarming;
2. bewust wurde te litten fan syn maatskiplike posysje as ‘lytse’taalgroep;
3. sa in stim te jaan oan dy mienskip mei it each op syn demokratyske (minske)rjochten;
4. diskusjearje te litten oer ferantwurde en moreel hanneljen as lytse mienskip yn in globalisearjende wrâld.

De Warnsbetinking is de iennichste betinking as Fryske mienskip.
Wa’t mear witte wol: Klik hjir