Nijs
 

Aksje komitee oprjochte by Warnsbetinking

26 september 2015

De Warnsbetinking, sa hyt no de Betinking fan de slach by Warns, hie dizze kear in jonge sprekker fan 23 jier, Chris van Hes. Hij is skoalmaster yn Terkaple, sit yn de gemeanterie fan De Fryske Marren en is foarsitter fan de yn 1915, troch Douwe Kalma oprjochte, Jongfryske Mienskip.

Yn syn "Klifrede" sei er dat der wat gebeure moat "As wy net as Friezen opkomme foar us eigen,wa docht it dan?"


Chris van Hes

Hij sei under oaren dat de Friezen tefolle relatifeare en as de generaasje fan no net wat docht dat it dan foar de kommende generaasje wol es te let wêze kin.

De harkers dy't nei ôfrin mei nei de Spylder giene, dat wie mar in lyts part fan de goed hundert minsken die op It Klif wienen, fûnen blykber dat der gelyk wat mei dien wurde moast. Yn de Spylder is in aksjekomitee oprjochte dy't by ferskate oangelegenheden, wer as it Frysk en de Fryske kultuur faai komt te stean, harren openearje sille en mei spandoeken en al sjen litte sille dat de Friezen opkomme foar harren kultuur.

Foarsitter Tom Dijkstra fan de Stifting Slach by Warns koe ferskate namme opskriuwe dy klear binne om yn aksje te kommen. Sjogge we de Fryske flaggen op de barrikaden it kommende jier?

Betinking 2015

15 juli 2015

De kommende Warns-betinking is op sneon 26 septimber 2015 mei as tema “Kommende Generaasjes”. Hoe stean de jonge Friezen foar de taal en kultuer fan Fryslân oer?

 


Tema’s fan eardere betinkings:

2014: Frysk ferbynt
2013: Gean foar it Frysk
2012: Romte foar de Omrop
2011: Frysk by weryndielings
2010: Ferline en Takomst
2009: De Nije Fries
2008: Fryske Fiergesichten
2007: De Ofslútdyk: Realiteit as Fantasij?
2006: Fierder mei Fryslân
2005: Grutsk Frysk
  Poster 2015
klik voor poster
 


klik voor Programma 2015

Betinking 2014

25 augustus 2014

Op 27 septimber is de betinking fan de Slach by Warns op it Reaklif. It programma is sa goed as klear en hat as tema: "Frysk Ferbynt".

Brug

13.45 oere - oanfang

Sprekker Hâns Dyk (foarsitter Frysk Boun om utens) út Bodegraven praat oer eigen skiednis, kriten en harren funksje, skaalfergrutting en Fryslân / Frysk.

Lysbeth Jongbloed (meiwurkster Fryske Akademy) út Nijbeets hâldt in petear oer: Hoe brûkt de Fryske jongerein it Frysk yn de sosjale media, kânsen en bedrigings.

Foardrager Albert Postma draacht in gedicht foar fan Atze Bosch.

Optreden fan sjonger Bruno Rummler (winner LIET 2014)

Optreden fan it Kritekoar út Lelystêd.

It korps De Lytse Súdwesthoeke spilet 3 lieten en eltsenien sjongt mei.

Fansels is der ek wer de Klifkuier û.l.f. Lolke Huitema. Opjaan graach by Tsjitske Meesters, tel: 0515-569813.

Nei it slotwurd, it striken fan de flagge en it lêste hoarnsinjaal is der in neipetear yn De Spylder yn Warns.

Betinking Slach by Warns 28 septimber 2013

09 september 2013

Op sneon 28 septimber 2013 sil wer de Betinking plakfine op it Reaklif.

It tema is dizze kear: Gean Foar It Frysk!.

Der sil sprutsen wurde troch Prof.Dr. R. Salverda, direkteur, bestjoerder Fryske Akademy en Dr. G. Benedictus, foarsitter Ried Fryske Beweging.

Fierder is der in optreden fan sjonger Gerrit Breteler mei begelieding fan Clara Rullmann, piano.

http://www.betinking-slachbywarns.nl/images/algemeen/promo_foto_Gerrit_Breteler_thumb.jpg

Doutsen van Goslinga en Baukelien Westra drage gedichten foar.

Korps De Lytse Súdwesthoeke soarget foar de muzikale omlisting.

Fansels sil ek wer de Klifkuier plakfine.

Dielnimmers hjir oan kinne har opjaan by Tsjitske Meesters, 0515-569813.

De komplete "liturgy" fan de Betinking sil op it Reaklif útdield wurde.

Nei ôfrin fan de Betinking is der in neipetear yn De Spylder yn Warns.

Wy hoopje fansels dat in protte minsken it paad nei de Stien wer fine sille.


Betinking 2012 op sneon 29 septimber

05 september 2012

Tema: Romte foar de Omrop.

Omrop Fryslân komt yn swier waar. It is in nasjonale en gjin regionale stjoerder, mar Den Haach smyt dwerse kneppels. Jan Koster, algemien direkteur fan de Omrop sil op It Klif syn sechje dwaan en Jaap van der Bij, fan de Ried fan de Fryske Beweging, sil dat stânpunt fierder fersterkje.

Hy sil útlizze wat it belang fan in goede stjoerder, Omrop Fryslân, is foar de Fryske taalmienskip.

Fierder is der û.o. muzyk fan Grytsje Kingma, in bernekoar út Warkum en it korps fan de Lytse Súdwesthoeke.

De "liturgy" is al fier wei hinne klear en fansels is eltsenien tige wolkom op It Klif fan 13:45 ôf.

Foar wa 't op in sportive wize nei de Betinking wol, kin meidwaan oan de Klifkuier.

In prachtige kuier fan 14 km oer de seedyk fan Hylpen nei it Reaklif.

Underweis kinne jo genietsje fan prachtige fiersichten oer see en lân.

De start is om 9.45 oere by stasjon Hylpen (nei 't de trein út Snits oankomt).

Yn Starum wurdt skoft holden, dêrnei giet de tocht nei it Reaklif, dêr 't se likernôch om healwei twaën oankomme.

It ferfier werom wurdt regele. Kosten: fergees.

Foar opjefte en ynfo: till: 0515-569813


Betinking 24 septimber 2011

03 oktober 2011

It wie in moaie betinking. De sinne stie heech oan 'e himel. De trije sprekkers koene harren ferhaal goed kwyt, it korps spile alderaardichst en it wie in lust om te harkjen nei de muzyk fan SULT.

Foarsitter Roel Falkena kundige oan dat dit syn lêste kear wie as foarsitter fan de Stifting.

Hoe 't dit fierder moat, sil it bestjoer him oer bûgje.

Jan Romkes van der Wal hat moaie foto's makke, dy 't op de website te sjen binne.

Ek siet der in moai stik yn de nijsbrief fan de Rie fan de Fryske Beweging.


ANBI status

29 augustus 2011

Troch de belestingtsjinst is mei yngong fan 1 jannewaris 2011 de ANBI-staus takend oan de Stifting Slach by Warns.


Betinking 24 Septimber 2011

06 juli 2011

De 66e Betinking fan de Slach by Warns is dit jier op 24 septimber om 13.45 oere op it Reaklif.

It is ek de earste betinking yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân.

Yn it ramt fan de betinking fan "60 jier Kneppelfreed" wurdt der omtinken jûn oan de posysje fan minderheidstalen.

By de betinking sil sjoen wurde nei it plak fan it Frysk by gemeentelike weryndielings.

Op it Klif sil hjir oer praat wurde troch 3 sprekkers: dhr. Gerben Gerbrandy, âld-wethâlder fan Wymbritseradiel, drs.Hayo Apotheker, wnd. boargemaster fan de nije gemeente en drs. Jannewietske de Vries, deputearre fan de provinsje Fryslân.

Tusken de sprekkers troch wurdt songen: Wy, wy litte ús taal net farre.

Fierder de fêste ûnderdielen lykas: it wolkomstwurd fan ús foarsitter, it hoarnsinjaal, hisen en striken fan de flagge.

It korps "De Lytse Súdwesthoeke" sil ek fan har hearre litte.

Troch SULT sil in lyts konsert jûn wurde út it iepenloftspul Redbad. Regisseur Pieter Stellingwerf sil it ien en oar taljochtsje

Nei ôfrin fan de betinking wurde jimme útnoege foar it neipetear yn De Spylder yn Warns.

De trije sprekkers binne dêr dan ek.

Foarôfgeand oan de betinking sille sa'n 20 studinten fan û.o. Bernlef in 6-kamp útfiere op it terrein achter de Stien.

De Klifkuier stiet wer û.l.f. Lolke Huitema en start om 09.45 oere by stasjon Hylpen.

Foar de weromreis wurdt soarge. Ynfo/opjefte: 0515-569813.

Fansels is eltsenien tige wolkom. Oant sjen op it Klif!


Oer de rjochtsaak

29 november 2010

It rjocht hat sprutsen.

De buorman moat syn hiemskieding op it Reaklif ferpleatse.

Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert op 18 novimber 2010 beslist.

Buorman hie sûnder oerlis him in stik grûn fan mear as in pear hûndert kante meter fan de Stifting taeigene.

Hy hâlde út dat de hiemskieding altyd al op dit plak stien hie.

Mar de rjochter fûn dat de Stifting genôch bewizen hie dat it stek wol degelik ferpleatst wie.

De man moat binnen trije moannen it stek - op eigen kosten - werompleatse nei it oarspronkelike plak.

Docht er dit net, dan wachtet him in twangsom fan hûndert euro's deis.


Ynterview Roel Falkena mei Friesland Post

12 september 2010

Yn it septimbernûmer fan Friesland Post stiet in moai en dúdlik ynterview mei foarsitter Roel Falkena.

Doel en stribjen fan 'e Stifting komme goed út 'e ferve. In kreaze foto fan Roel by de stien omseamet it ferhaal. Friesland Post kostet €4,45 en is sawat oeral wol te keap.


Utstalling oer de betinking Slach by Warns 65 jier

06 september 2010

It is Thomas Dijkstra mei help fan Tresoar slagge om út de argiven in útstalling gear te stallen oer 65 jier betinking fan de Slach by Warns. Dizze útstalling sil op de dei sels (25 septimber) te besjen wêze yn de Spylder fan 11.00 oant 13.30 oere en nei ôfrin fan de betinking. De útstalling bestiet út 3 dielen; it begjin, it monumint, nei it monumint.

Te sjen binne û.o. nuveraardige foto's, keapaktes fan 'e grûn en mear singelier materiaal.


Klifkuier 2010

06 september 2010

Op sneon 25 septimber o.s. sil der wer in Klifkuier wêze ûnder lieding fan Lolke Huitema.

De tocht is 14 km. lang oer de seediken. Jo kinne genietsje fan prachtige fiersichten oer de Iselmar en it lânskip achter de dyk.

De start is by stasjon Hylpen om 9.45 oere (wy wachtsje de trein út Snits ôf).

Om 12.00 oere wurdt der skoft hâlden yn Starum. Om 13.00 oere wurdt der fierder rûn nei it Reaklif, dêr 't om 13.45 oere de betinking fan de Slach by Warns begjint.

Nei ôfrin fan de betinking is der ferfier nei Starum. Meirinne is fergees.

Foar ynfo en opjefte: 0515-569813